Unrêst troch ynkassoburo

04 aug 2004 - 12:07

Dupearren fan it bedriuw Container Cleaning fiele har bedrige. Nei't se it kontrakt opsein, krigen se in oanmoanning fan in ynkassoburo yn Den Haach. Dat soarget foar in soad ûnrêst.

Der binne hûnderten klachten oer it skjinmakkersbedriuw. De kliko's wurde net himmele wylst der wol foar betelle wurde moat. It ynkassoburo wol alle gefallen apart besjen en beprate mei Container Cleaning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)