Unrêst skjinmakkers Esonstêd

16 jun 2010 - 09:37
  • Foar de skjinmakkers is it wat minder fijn op Esonstêd

It fakbûn CNV wol dat der in ûndersyk komt nei de wurkdruk fan de skjinmakkers op fakânsjepark Esonstêd by De Skâns. Neffens it fakbûn is de spanning tusken de skjinmakkers en harren wurkjouwer Nivo Noord heech oprûn. It bûn wol mei it bedriuw om tafel en ek mei Landal prate.

Nivo Noord is al it tredde skjinmakbedriuw dat op it park ynset wurdt. Dat soarget neffens it CNV foar in soad ûnrêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)