Unrêst Skier om spul dokters

25 sep 2013 - 15:55
  • Húsdokter

De striid tusken húsdokters op Skiermûntseach soarget foar grutte ûnrest op it eilân. De beide dokters binne troch in konflikt út elkoar gien en besykje no los fan elkoar in praktyk op te setten. Mar dêrfoar is it eilân mei 900 ynwenners fierstente lyts, seit boargemaster Stellinga. Dy sil nei alle gedachten nochris besykje de partijen by elkoar te krijen.

De praktyk mei de beide dokters Zaal en Kouwenhoven hat twa jier wurke. Op 1 septimber kaam dêr in ein oan, om't Kouwenhoven gjin maatskip oangean woe. Sûnt dat momint is der spul.

De eilannnners ha der gjin goed wurd foar oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)