Unrêst op Kamelemerk Appelskea

16 maaie 2009 - 09:46

Op de Kamelemerk yn Appelskea is it sneontemoarn reboelje. It konflikt tusken merkmaster Anne Dijkstra en de gemeente Eaststellingwerf rint sa heech op dat de plysje der al oan te pas kaam is om de boel ta bedarjen te bringen.

De merk wurdt alle sneonen op de Boerestreek hâlden. De gemeente easket dat de kleurige merkeweinen nei ôfrin fuorthelle wurde, mar de merkmaster fynt dat net helber. Freed hat Dijkstra opnij in twangsom krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)