Unrêst oer 'potleadventer'

26 mrt 2011 - 12:04

Yn de wyk Cammingabuorren yn Ljouwert is ûnrest ûntstien oer in buertbewenner dy't fertocht wurdt fan 'potleadventen' en besit fan berneporno. De 53-jierrige man is in pear wike lyn frijlitten neidat hy fjouwer moanne fêstsitten hat.

Hy wachtet syn proses thús ôf en dat soarget foar in soad opskuor yn de strjitten Schatzenburg en Koudenburg. Dizze wike hawwe de bewenners in brief krigen dêr't boargemaster Crone tekst en útlis yn jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)