Unrêst oer ferkeap Barradiel

20 aug 2003 - 00:00

Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum sit yn oer de ferkeap fan rekreaasjesintrum Barradiel yn Tsjummearum. Dat soe de ein fan de sportfoarsjennings betsjutte, want de sportfjilden binne inkeld tagonklik oer it terrein fan Barradiel. De gemeente moat easkje dat dat ek sa bliuwt, fynt doarpsbelang.

Barradiel is okkerdeis oankocht troch ûndernimmer Van Booma. Dy hat ek rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam yn syn besit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)