Unrêst oer deade Easterwâlde

13 sep 2012 - 11:09
  • Hús deade frou Easterwâlde

Op it gemeentehûs yn Easterwâlde is freedtejûn om healwei achten in bewennersgearkomste yn ferbân mei it misdriuw oan de Klazingawei yn it bûtengebiet fan dat plak. Dêr is de 67-jierrige Marijke Heijltjes om it libben kaam. Se is de widdo fan âld-wethâlder Willem Heijltjes.

Boargemaster Oosterman seit dat de gemeente sinjalen krigen hat fan ûnrêst ûnder de bewenners fan it bûtengebiet. Sy doare bygelyks net mear mei de hûn fuort. Op de bewennersjûn sille plysje, iepenbier ministearje en slachtofferhelp oanwêzich wêze.

De plysje ûndersiket de saak mei 25 resjersjeurs. It lichem fan de frou is foar seksje oerbrocht nei it Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach.

It is it tredde misdriuw mei deadlike ôfrin yn tsien jier tiid yn Eaststellingwerf, nei de dea fan kroechbaas Fokko Werkman fan de Haule en Marinus Ooms fan Haulerwyk. Boargemaster Oosterman hopet dat de nije saak yn Easterwâlde gau oplost wurde kin om de gefoelens fan ûnrêst del te bêdzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)