Unrêst by flechtlingen yn WTC Expo wer delbêde

17 des 2015 - 15:26

De rêst is werom ûnder flechtlingen dy't yn de needopfang yn it WTC-Expo yn Ljouwert sitte. Dy wie ûntstean nei't it COA o op 'e nij in groep fan sa'n 70 minsken oerpleatse woe nei in oare opfang.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hie woansdei yngrepen en koe sa foarkomme dat de ferhûzing trochgie. Crone hat koartlyn ôfspraken makke mei it COA om de folsleine groep dy't no noch yn de needopfang sit te ferhûzjen nei de nije opfang oan de Heliconwei, njonken it WTC yn Ljouwert.

Om't no wis is dat de flechtlingen mei de krystdagen yn Ljouwert sitte, is begûn mei it optúgjen fan de krystbeam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)