Unrêst by blikfabryk Impress

27 feb 2008 - 10:42

In driigjende reorganisaasje soarget foar ûnrest by blikjesfabryk Impress yn Ljouwert. Troch fernijing fan it transportsysteem binne der minder minsken nedich en soene minsken dien krije. Om hoefolle it krekt giet, is ûndúdlik. Neffens fakbûn FNV binne it it yn alle gefallen mear as tsien.

Njonken de fernijings hat Impress ek te krijen mei mindere bedriuwsresultaten. Dat soe ek gefolgen hawwe kinne foar it personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)