Unrêst ATF-brân net delbêde

07 okt 2003 - 00:00

De brân by gemysk-offâlferwurker ATF yn Drachten, no trije jier ferlyn, soarget noch altyd foar ûnrêst. Dat die moandei bliken op in harksit yn Drachten, organisearre troch de opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten. Op de jûn kamen in hûndert minsken ôf.

Guon omwenners binne siik wurden troch de brân. De oanwêzigen fregen har ek ôf hoe't de brân ea ûntstean koe. Op 22 oktober prate de Steaten oer in provinsjaal rapport oer de ATF-brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)