Unrêst troch beamkap Boalsert

23 jan 2012 - 12:31

De beamkap yn Boalsert soarget foar ûnrêst. Folle mear beammen soene delhelle wurde as doe't de gemeente Boalsert noch bestie. Boppedat soene net alle beswieren tsjin de kapfergunnings ôfwachte wurde. Beswiermakkers fiele harren net serieus naam troch de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Dat seit de GrienLinksfraksje. De partij freget de wethâlder no om opheldering.

De gemeente Súdwest-Fryslân lit witte de ûnrêst yn Boalsert wier wol serieus te nimmen.

De gemeente wol sa gau mooglik mei de beswiermakkers en ynwenners fan Boalsert prate. Doel is dan om yn kaart te bringen hoe't de grienfoarsjenning yn Boalsert wurde moat. Fan 't maitiid moat der in plan fan oanpak klearlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)