Unrêst oer ûnderhâld materieel

10 jan 2012 - 10:23

Under 160 boargers dy't yn it noarden materieel fan definsje ûnderhâlde, is ûnrêst. Dy wurkje no noch op ferskillende lokaasjes, wêrûnder Lauwerseach, mar soene yn 'e takomst mooglik nei Wezep moatte. Definsje wol it ûnderhâld fan de noardlike ûnderdielen dêr fanwege besunigings sintralisearje. Neffens fakbûn FNV fiele de meiwurkers neat foar in ferhuzing nei Wezep, omdat dat te fier fan har wenplak leit. In reis nei bygelyks Havelte soe wol akseptabel wêze.

Der komme mooglik aksjes as it plan fan definsje trochgiet. It ûnderhâld op de Ljouwerter fleanbasis falt der net ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)