'Unôfhinklik ûndersyk nei JSF'

03 mrt 2009 - 07:36
  • Hoefolle leven makket de JSF no krekt?
  • In soad belangstelling op de ynfojûn

De doarpsbelangen fan Marsum en Koarnjum/Jelsum wolle dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei it lûd dat de JSF makket. De JSF moat de F16 opfolgje, mar der is in soad ûndúdlikheid oer it leven dat it fleantúch makket. Ynwenners fan Koarnjum en Jelsum hawwe har moandei byprate litten oer de lêste stân fan saken. Meikoarten wurde de resultaten bekend makke fan in nij ûndersyk. Dêrút soe bliken dwaan dat it wol wat tafalt mei it leven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)