'Unôfhinklik ûndersyk nedich'

23 mrt 2013 - 12:54

De Waadferiening wol in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gaswinning yn de kustgebieten en yn de Waadsee. Undersocht moat wurde hoefolle oft de grûn sakket troch de winning en hoefolle oft de see omheechkomme sil. Dat seit direkteur Arjan Berkhuysen fan de Waadferiening. Hy wol net dat der by de gaswinning allinnich útgien wurdt fan sifers fan de belanghawwende partij, de NAM sels.

Sûnt 2011 wint de NAM al mear gas yn it gebiet, mar it ministearje fan ekonomyske saken hat dêr no ek definityf tastimming foar jûn.

De NAM seit mear gas boppe helje te kinnen sûnder dat de grûn mear sakket as tastien is. Dat soe bliken dwaan út eigen ûndersyk fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij. De wingebieten lizze ûnder oare by Moddergat, Eanjum en It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)