Unnedige soarch: soad meldings

24 maaie 2013 - 14:00
  • Der wurde in soad medisinen fuortsmiten...

Der binne mear as 200 meldings binnenkaam by it Meldpunt Onnodige Zorg fan Soarchbelang Fryslân. Twa moanne lyn is it meldpunt iepene. De measte meldings giene oer is fergriemen fan medisinen. Minsken fine it skande dat medisinen ferneatige wurde as se oer binne.

Ek komme der skokkende ferhalen binnen fan âlde minsken dy't noch ûndersiken krije wylst se op stjerren lizze. Der wurdt net goed harke nei de pasjint of nei de famylje. Soarchbelang wol mei de meldings en tips dy't dien wurde yn petear mei de minister en de soarchfersekerders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)