Univé bliuwt haadsponsor

24 feb 2012 - 18:42
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Fersekeringskonsern Univé is ek kommend seizoen de haadsponsor fan Sportklup Hearrenfean. De nije oerienkomst hâldt yn dat op de achterkant fan it shirt in oare sponsor stean kin. Wa't dat is, is noch net dúdlik.

Neffens beide partijen is it unyk yn it Nederlânske fuotbaljen dat in sponsor sa lang ferbûn is oan in klup. Se wolle de kommende tiid dan ek trochprate oer fierdere gearwurking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)