UNIS Flyers yn finale om it kampioenskip fan Nederlân

01 mrt 2015 - 21:21

UNIS Flyers is finalist yn de striid om it kampioenskip fan Nederlân. Sneintejûn waard ek de fjirde wedstriid yn de heale finale yn en fan Geleen wûn. Maklik gong it net, it waard foar de Flyers de lytste oerwinning dit seizoen tsjin Geleen: 3-2 winst. Yn de twadde perioade foelen de trije goals fan de Flyers. Mitch Bruijsten (2) en Travis Bobbee wiene de skutters. Tilburch wurdt de tsjinstanner yn de finale. De ploech dy't it earst fjouwer kear wint is kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)