UNIS Flyers wint topper fan Tilburg

03 jan 2015 - 21:54

UNIS Flyers hat sneontejûn op it eigen iis de iishockeytopper tsjin Destil Trappers Tilburg mei 3-2 wûn. Maarten Brekelmans en Jurryt Smid setten Tilburg yn de earste perioade op in 2-0 foarsprong. Josh Prudden brocht yn de twadde perioade de spanning werom. Ronald Wurm en Mitch Bruijsten soargen yn de lêste perioade foar de Feanster winst. Dizze kompetysjewedstriid wie de opmaat foar de bekerfinale fan snein 11 jannewaris. Dy finale wurdt spile yn Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)