UNIS Flyers wint rom fan Herentals

18 jan 2015 - 14:42

De iishockeyers fan de UNIS Flyers herstelden har goed fan de desepsje yn de bekerfinale tsjin de Tilburg Trappers ferline wike. Sneon setten de Feanster iishockeyers yn de kompetysje it Belgyske Herentals mei 9-3 oan de kant. Yn de earste perioade kaam de ploech fan trainer Chris Eimers op in 2-0 foarsprong. Oan de ein fan de twadde perioade stie der in 5-1 tuskenstân op it skoareboerd. De UNIS Flyers boude de skoare yn de lêste perioade út nei 9-3.

Snein komme de Flyers opnij yn aksje. Dan binne yn Geleen de LACO Eaters de tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)