UNIS Flyers wint rom fan Eindhoven

09 jan 2016 - 22:42
  • UNIS Flyers

De UNIS Flyers ha sneontejûn yn de BeNe league mei 8-0 wûn fan Eindhoven.De perioadestannen: 2-0, 2-0 en 4-0. Yn de 13e minút iepene Marco Postma de skoare. Ronald Wurm hie dêrnei twa kear súkses, folge troch in goal fan Harry Matheson. Yn de lêste perioade soargen Brent Janssen (2), Geert Bruinsma en Marco Postma foar de einstân. Freedtejûn hiene de Flyers it yn de heale finale foar de beker yn en tsjin Nijmegen gâns dreger. Doe waard it nei ferlinging en penaltys 2-1 foar de Feansters.

Woansdeitejûn is op it iis fan Thialf de twadde bekerwedstriid fan de UNIS Flyers tsjin Nijmegen. By winst folget op 30 jannewaris de bekerfinale yn Eindhoven tsjin Geleen of Tilburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)