UNIS Flyers wint mei grutte sifers by Eindhoven

04 jan 2015 - 21:17
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De UNIS Flyers ha sneintejûn mei in hiel rom ferskil de wedstriid yn en tsjin Eindhoven wûn. It waard 11-1 foar de Feansters fan coach Chris Eimers. De perioadestannen: 1-5, 0-1 en 0-5. Acht Flyers-spilers koene dizze kear it net fine. Op sneintemiddei 11 jannewaris om 14.00 oere spylje de UNIS Flyers op deselde baan de bekerfinale tsjin Tilburg. Dy ploech waard sneontejûn noch mei 3-2 ferslein. De Flyers bliuwe koprinner yn de earedivyzje mei fjouwer punten mear as Tilburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)