Unis Flyers wint mei 8-1 fan Olympia Heist-op-den-Berg

04 okt 2015 - 10:38
  • De Flyers wiene folle sterker as Olympia Heist op den Berg

De iishockeyers fan de Unis Flyers hawwe sneontejûn de wedstriid tsjin Olympia Heist op den Berg mei dúdlike sifers wûn. Yn Ljouwert wûnen de Feansters mei 8-1 fan de Belgen. De perioadestannen: 2-1, 4-1 en 2-0. Unis-spiler Tony Demelinne waard 'man of the match'.

Kommende sneon komt it Beneleague-team fan de Tilburg Trappers nei Ljouwert, snein moatte de Flyers nei Geleen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)