UNIS Flyers wint maklik yn bekerkompetysje fan Tilburg

10 okt 2015 - 23:57
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De UNIS Flyers ha de earste wedstriid yn de bekerkompetysje wûn fan it talinteteam fan de Tilburg Trappers. Yn de nije iishal fan Ljouwert waard it 9-1 foar de Feansters. De perioadestannen: 3-1, 3-0 en 3-0. Ronald Wurm skoarde trije kear, Harry Matheson twa kear. De oare goals wiene fan Kevin Nijland, Pippo Limnell, Marco Postma en Tony Demelinne. Sneintejûn spylje de UNIS Flyers yn Aken foar de beker tsjin Geleen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)