UNIS Flyers wint maklik fan Turnhout

28 nov 2015 - 22:38
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha nei de swier befochten oerwinning fan freedtejûn yn Den Haach it sneontejûn net al te dreech hân. Op it eigen iis fan Thialf waard Turnhout Tigers mei 7-0 ferslein. De einstân stie al nei de earste twa perioaden op it boerd. Ronald Wurm, Pippo Limnell en Marc Nijland skoarden yn it earste part, Wurm (twa kear), opnij Limnell en Tony Demelinne diene dat yn de twadde perioade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)