UNIS Flyers wint heale bekerfinale fan Nijmegen mei 3-1

13 jan 2016 - 22:17
  • Feest by de Flyers nei de bekerwinst op Nijmegen
  • De spilers fan UNIS Flyers betankje it publyk

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean hat him woansdeitejûn pleatst foar de bekerfinale. De ploech wie yn eigen hûs fia de perioadestannen 1-1, 2-0 en 0-0 mei 3-1 te sterk foar de iishockeyers út Nijmegen. Man fan de wedstriid waard Geert Bruinsma. Hy iepene de skoare nei sân minuten, en hie in assist by de 2-1.

De oare twa doelpunten oan de kant fan de Feansters waarden makke troch Harry Matheson. Op 30 jannewaris is de bekerfinale yn Eindhoven. De iishockeyers fan de Flyers spylje dan tsjin Geleen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)