UNIS Flyers wint fan Eindhoven

03 feb 2015 - 22:25

UNIS Flyers hat de ynhelwedstriid tsjin Eindhoven mei 5-1 wûn. De Dolphin Kemphanen Eindhoven soene op 23 jannewaris nei Thialf komme, mar doe krige de spilersbus maleur. Josh Prudden foar de Flyers en Marc Donders fan de gasten setten de 1-1 fan de earste perioade op it skoareboerd. Yn de twadde perioade waard it ferskil makke. Marcel Kars, Levi Houkes en Mitch Bruijsten wiene foar de Flyers de skerprjochters. Bruijsten bepaalde yn de lêste perioade de einstân op 5-1.

Koprinner UNIS Flyers spilet dizze wike noch twa kear thús.

Op freedtejûn tsjin Geleen en op sneontejûn tsjin Herentals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)