UNIS Flyers wint fan Amstel Tijgers

14 nov 2015 - 22:58

UNIS Flyers hat koprinner Amstel Tijgers yn pûl A fan de BeNe-league mei 6-3 ferslein. De Amsterdammers namen wol in 2-0 foarsprong, mar troch goals fan Pippo Limnell en Ronald Wurm wie de earste perioade doch wer yn balâns. Dêrnei rûn de thúsploech út nei 4-2 troch Tony Demelinne en opnij Wurm. Nei de 4-3 fan Amsterdam brocht Wurm de marzje wer op twa.

Yn de lêste perioade mar ien skoare, mar it wie wol de fjirde fan Ronald Wurm. Sneintejûn stiet foar de Flyers de útwedstriid tsjin Den Bosch op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)