UNIS Flyers wint ek by Herentals

30 jan 2015 - 23:48

De UNIS Flyers ha de drege útwedstriid yn België tsjin Herentals mei 5-3 wûn. De perioadestannen: 1-1, 0-1 en 2-3. Levi Houkes wie yn de earste perioade de skoarende Flyer. Josh Prudden die it yn de twadde perioade. Opnij Prudden yn de tredde perioade en ek Marcel Kars en Mitch Bruijsten soargen foar de winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)