UNIS Flyers wint ek by Geleen

01 feb 2015 - 21:25

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn mei 5-3 wûn yn en fan Geleen. Ronald Wurm en Marcel Kars sette de Flyers yn de earste perioade op in 2-0 foarsprong. De twadde perioade wie mei 2-1 foar thúsploech Laco Eaters Limburg. Marco Postma wie de Feanster doelpuntemakker. Troch twa goals fan Mitch Bruijsten waard de lêste perioade troch de ploech fan Chris Eimers mei 2-1 wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)