UNIS Flyers wint fan Tilburg

18 mrt 2015 - 22:39

De iishockeyers UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe woansdeitejûn yn Thialf mei 2-1 wûn fan Tilburg Trappers. De perioadestannen: 1-1, 0-0 en 1-0. Marcel Kars en Giovanni Vogelaar wiene de skutters foar de Flyers. Mei dizze winst docht de UNIS Flyers noch folop mei yn 'e striid om it lânskampioenskip. It is de fyfde wedstryd fan de sân. Tilburg Trappers stiet no mei 3-2 foar.

No freed is de sechde wedstryd yn Tilburg. As de UNIS Flyers dy ek wint, dan is no snein de beslissende wedstriid op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)