UNIS Flyers sûnder puntferlies koprinner

24 okt 2015 - 23:36
  • UNIS Flyers tsjin Luik Bulldogs
  • Marco Postma

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn mei gemak wûn fan Luik. De ijshockeyers wûnen it kompetysjeduel mei 6-3. It wie de earste kear dit seizoen dat de Flyers wer thús spilen yn Thialf. Troch de ferbouwing spilen se de earste wedstriden yn Ljouwert.

Nei de earste perioade wie de stân 3-1 troch goals fan Postma, Janssen en Wurm. It waard noch 3-2 en 4-3 (goal Matheson), mar dêrnei rûnen de Flyers út nei 6-3 troch goals fan Limnell en Turcotte. De Flyers hawwe no fjouwer kear spile en fjouwer kear wûn. Se stean yn harren pûl no earste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)