UNIS Flyers pakt achtste oerwinning op rige

14 des 2014 - 12:39
  • De UNIS Flyers yn aksje tsjin Geleen

De iishockeyers fan UNIS Flyers fan It Hearrenfean hienen sneon net in soad muoite mei de Geleen Eaters. Op Thialf pakte de ploech fan Chris Eimers in romme oerwinning op de Limboargers fan 7-2. Opfallend wie dat de doelpunten troch sân ferskillende spilers makke waarden.

Nei acht duels steane de UNIS Flyers boppe-oan, se hawwe noch net in punt ferlern. Op it twadde plak stiet Tilburch mei twa punten minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)