UNIS Flyers nei winst op Geleen bekerfinalist

09 nov 2014 - 21:32
  • De UNIS Flyers yn aksje tsjin Geleen

De iishockeyers fan de UNIS Flyers spylje op snein 11 jannewaris 2015 de bekerfinale yn Eindhoven. Nei de 5-1 winst op Geleen fan freedtejûn yn Thialf, waard sneintejûn ek de twadde wedstriid yn en fan Geleen wûn, 5-2 foar de Flyers. De earste perioade wie mei 1-0 foar de thúsploech. Dêrnei setten Joey Oosterveld (2x) en Marcel Kars de Flyers op foarsprong.

Yn de lêste perioade skoarde Geleen syn twadde, mar makken Marco Postma en Mitch Bruijsten dien wurk foar de ploech fan coach Chris Eimers. Herentals of Tilburg is de oare finalist.

Dy beide ploegen ha beide ien kear wûn. Tiisdei falt de beslissing yn Tilburg. Freed begjint dan de kompetysje yn de earedivyzje om it kampioenskip fan Nederlân. De UNIS Flyers iepenje freedtejûn om 20.00 oere op it eigen Thialf-iis tsjin de Tilburg Trappers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)