UNIS Flyers mei winst op Luik nei heale finale play-offs

06 mrt 2016 - 18:59

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe snein de heale finale fan de play-offs om it lânskampioenskip berikt. Yn Thialf waard tsjinstanner Luik mei 6-0 ferslein, nei't de Feansters de útwedstriid op sneon al mei 9-1 wûnen. Nei de earste perioade stie it 2-0 foar de thúsploech troch goals fan Postma en Bouten. It slagge de Flyers it ferskil út te bouwen nei 5-0, wêrnei't de iishockeyers yn de tredde perioade mei in goal fan Wurm dien wurk makken.

De tsjinstanner fan de Feansters yn de heale finale fan de play-offs wurdt Geleen of Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)