UNIS Flyers makket him op foar de bekerfinale

09 jan 2015 - 16:16

UNIS Flyers makket him op foar de wichtichste wedstriid fan de ôfrune jierren. Snein nimme se it yn de bekerfinale op tsjin de Tilburg Trappers. Dêrmei kin de ploech fan coach Chris Eimers foar it earst sûnt 2002 wer in priis winne. Doe wûnen de Feansters de beker. Eimers kin snein beskikke oer in folslein fitte ploech. Foarsitter Henk Hoekstra tinkt dat der hûnderten fans meigean sille nei Eindhoven om de ploech te stypjen. De Flyers spilen dit seizoen al acht kear tsjin de Tilburg Trappers. Trije wedstriden dêrfan waarden wûn.

Omrop Fryslân docht sneintemiddei op 'e radio ferslach fan de bekerfinale tusken de UNIS Flyers en de Tilburg Trappers. Yn Hjoed is snein in gearfetting te sjen fan de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)