UNIS Flyers krijt foarm

11 jun 2013 - 09:18

De iishockeyformaasje fan de UNIS Flyers krijt hieltyd mear foarm. Mei ferdediger Nick de Jong is de lêste Nederlânske spiler oanlutsen. De Jong komt oer fan HYS Den Haach, mar spile yn it seizoen 2008-2009 ek foar de Flyers. Earder waarden fan Amsterdam Calvin Pohlman, Dax van der Velden en Joey Oosterveld oanlutsen. De kommende wiken wurdt fierder socht nei fjouwer 'ymports', spilers út it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)