UNIS Flyers klear foar bekerfinale tsjin Laco Eaters

30 jan 2016 - 18:13
  • De iishockeyers fan UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers stride sneontejûn om de nasjonale beker. Se nimme it yn de finale yn Eindhoven op tsjin de Laco Eaters út Geleen. In belangrike wedstriid: de lêste kear dat de Feanster ploech in priis pakte wie yn 2002. 

"De jongens en de staf werken er keihard voor. En of je nu of toen een finale speelt: er is druk en stress en wij willen net zo graag die prijs pakken als de spelers destijds", seit Nason op de webside fan syn ploech. 

De Flyers rekkenje dan ek op in grutte groep supporters, dy’t de sporters oanmoedigje sille yn Eindhoven. Der wurdt útgien fan 400 fans op de tribune. De wedstriid is foar de thúsbliuwers live te folgjen op fia YouTube. De wedstriid begjint om 20.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)