UNIS Flyers ferliest nei 14 oerwinningen fan Tilburg

27 des 2014 - 14:55
  • Spilers fan de UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ferlearen freed mei 4-1 fan Tilburg Trappers. Yn Tilburg hienen de Flyers in goede start troch in betide treffer fan Marcel Kars. Yn de twadde perioade kamen de Tilburgers op likense hichte en namen krekt foar de tredde perioade de lieding oer. Yn de lêste perioade makke de thúsploech rap dien wurk mei twa flotte treffers.

Mei it ferlies kaam der in ein oan de rige fan oerwinnings fan de Feansters, dy't mar leafst 14 kear efterinoar de winst pakten. Nettsjinsteande it ferlies bliuwt UNIS Flyers koprinner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)