UNIS Flyers bliuwt winnen yn kompetysje

15 des 2014 - 06:18
  • De UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintejûn mei 5-0 yn en fan Herentals wûn. Dêrmei hawwe de Feanster iishockeyers noch gjin wedstriid ferlern en bliuwe se boppe-oan stean yn de kompetysje. Nei de earste perioade stienen de Flyers al mei 3-0 foar, troch twa goals fan Mitch Bruijsten en ien goal fan Ronald Wurm.

Yn de twadde perioade soargen Brandon Greenside en Wurm foar de einstân op it skoareboerd. De 5-0 oerwinning betsjutte boppedat de twadde shut-out foar goalie Martijn Oosterwijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)