UNIS Flyers bekerfinalist

07 des 2013 - 23:49

De iishockeyers fan de UNIS Flyers spylje op 15 jannewaris 2014 de bekerfinale yn Eindhoven. De tsjinstanner wurdt HYS Den Haach of de Destil Trappers Tilburch. De Flyers rekkenen ôf mei Herentals út België. Freedtejûn waard de útwedstriid wûn mei 5-3, in dei letter waard it 4-1 foar de manlju fan trainer Chris Eimers. De perioadestannen: 2-1, 0-0 en 2-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)