Unike tsjasker yn natuergebiet

14 maaie 2011 - 10:14
  • Goasse Hylkema fan Steatsboskbehear lit in skaalmodel fan 'e tsjasker sjen

Der komt in unike sturttsjasker by natuergebiet It Swin tusken Harich en Ealahuzen. De tsjasker dûkt as lytse wettermûne noch wol op ferskate plakken op yn it Fryske lânskip, mar in sturttsjasker bestiet no allinnich noch mar op âlde tekeningen.

Mei help fan trije doarpen út de omkriten wol Steatsboskbehear de sturttsjasker bouwe. De mûne wurdt ek mei hout út dy streek makke. Der is 100.000 euro foar nedich en dêr wurdt subsydzje foar oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)