Unike tekening museum Hylpen

26 apr 2012 - 09:55

Museum Hylpen hat in unike âlde tekening fan de stêd Hylpen út 1640-1650 oankocht. De print komt út de kolleksje Lodewijk Houtakker en is makke troch Wenzel Hollar. Dy is benammen bekend om syn etsen en tekeningen. Hy waard berne yn Praach, mar wurke meastentiids yn West-Europa.

Trije stichtings hawwe jild beskikber steld om de oanskaf fan de tekening fan Hylpen mooglik te meitsjen. De tekening is in moaie oanfolling op de kolleksje fan it museum yn Hylpen, sa sizze meiwurkers fan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)