Unike survivalkursus yn Harns

31 maaie 2005 - 11:17

Harns krijt ynkoarten in saneamde Offshore Personal Survival Training. Dy wurdt op dit stuit allinnich yn Australië en Ingelân jûn.

Seesilers leare op de Waadsee hoe te hanneljen as it hielendal mis giet op it skip. As der brân útbrekt, as der immen ferwûne rekket of as it skip sinkt. De wurde ek kursisten ferwachte út Skandinavië, Dútslân en Frankryk. De kursus wurdt jûn op de klipper Isis út Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)