Unike prestaasje Sven Kramer

21 mrt 2010 - 16:38
  • Wrâldkampioen Sven Kramer

Sven Kramer is snein yn Thialf foar de fjirde kear op rige wrâldkampioen allround wurden. Kramer wûn de 10 kilometer yn 12.57,97. Kramer wie de iennichste mei in tiid ûnder de 13 minuten. Jonathan Kuck, de grutste konkurrint fan Kramer, kaam út op 13.15,62 en waard twadde.

Kramer is de alderearste rider dy't fjouwer kear op rige wrâldkampioen allround wurdt. Under de 10 kilometer hat Kramer der goed om tocht dat hy goed wiksele, sei er nei ôfrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)