Unike prestaasje Epke Zonderland

25 nov 2005 - 09:19

Epke Zonderland is tongersdei alfde wurden op de mearkampfinale fan 'e wrâldkampioenskippen turnjen yn it Australyske Melbourne. Jeffrey Wammes waard yn deselde finale fyftjinde. It giet om in histoaryske prestaasje fan Zonderland, want noch nea skoarde in Nederlânske turner sa heech op it WK.

De wrâldtitel gie nei de Japanner Hiroyuki Tomita mei 56,698 punten. Zonderland helle 53,111 punten, Wammes 52,173 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)