Unike klus Smart Constructions

12 jun 2014 - 06:50
  • Twintich histoaryske fleantugen binne troch Smart Constructions ophong
  • Elk tastel kriget in unike ophingkonstruksje

it bedriuw Smart Constructions fan It Hearrenfean hinget tongersdei yn it nije Nasjonaal Militêr Museum yn Soesterberg de lêste fleantugen oan it plafond. Tweintich histoaryske tastellen wurde op teatrale wize ophongen. Yn stee fan yn de gewoane fleanhâlding, hingje der sels eksimplaren op 'e kop. Foar elk fleantúch is in unike konstruksje betocht.

Om't it histoaryske fleantugen binne, mei der neat feroare wurde oan de konstruksje. It grutste eksimplaar is de Dakota út 1956 mei in spanwiidte fan sa'n 30 meter, dy't goed 10.000 kilo waget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)