Unike isolaasjeproef Bakhuzen

11 sep 2013 - 10:46
  • Hûs yn Bakhuzen
  • Isolaasje yn Bakhuzen

Yn Bakhuzen begjint in proef mei in hûs dat op bysûndere wize isolearre wurdt. Grûnwetter wurdt brûkt as enerzjyboarne om te ferwaarmjen of te kuoljen. Nij oan dit systeem is dat it hûs net fan binnenút ferwaarme wurdt, mar dat it fan bûtenút regele wurdt. Trije Fryske bedriuwen ha it duorsume konsept fan 'Actieve Schil' betocht en krigen subsydzje fan de provinsje en de Europeeske Uny. De liedingen hâlde mei ierdwaarmte in fêste temperatuer. Dat smyt in besparring op de enerzjykosten op.

Wenningboukorporaasje Wonen Zuidwest Friesland hat twa huzen beskikber steld om te mjitten wat it opsmyt. De proef duorret oant en mei maart takom jier en de resultaten wurde ferlike mei in hûs sûnder de aktive skyl..

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)