Unike fynst Boudewijn de Groot

24 maaie 2011 - 23:00
  • Leopold Wijdeveld mei de tape fan Boudewijn de Groot

Yn in studio oan de Aldebiltdyk binne unike opnamen fûn fan Boudewijn de Groot en Lennaert Nijgh. Eigner Leopold Wijdeveld ûntdekte dizze yn in stapel bantsjes dy't er krige nei it ferstjerren fan syn muoike Lia Dorana.

De aktrise hie De Groot en Nijgh yn 1967 frege om in nûmer foar har te skriuwen. Te hearren is dat De Groot it liet De Voorstad ynsjongt. Wijdeveld hat dit oersette litten en op CD útbrocht. De Groot is hjir lulk oer omdat it liet syn eigendom is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)