Unike dokuminten yn klûs fûn

08 apr 2011 - 12:58
  • Foto's: Omrop Fryslân

In tal histoaryske dokuminten fan de Snitser Jachthaven binne freed yn Terherne foar it ljocht kaam. Dat wie yn it gebou fan dei-attraksje Paal 43, earder ûnderdiel fan 'e Kameleonbuorkerij. Dy lêste krige fjouwer jier ferlyn de klûs fan 'e Snitser jachthaven kado.

It boppelaad fan 'e klûs koe net iepen en dat is no wol dien. Der sieten weardefolle papieren yn, lykas in oprjochtingsakte. De Snitser Jachthaven bestiet hûndert jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)