Unike berôving op Flylân

13 maaie 2008 - 11:22

Op Flylân is sneontenacht in meiwurker fan hotel Seeduyn oan de Badwei berôve. De oerfal is neffens de plysje ridlik unyk foar Flylân. It is de earste yn 30 jier tiid.

De man stie bûten mei de dei-opbringst fan in pear tûzen euro te wachtsjen op twa kollega's. Ynienen kaam der fan achter in kontainer in man te foarskyn. Dy bedrige de meiwurker mei in mes en pakte it jild ôf. De dieder naaide dêrnei út rjochting de dúnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)